Agenda

Datum:
Titel:
08-10-2020
Kursus Frysk skriuwen
Ik wol graach wer in kursus Frysk skriuwen jaan yn Ryptsjerk.
Dizze kursus is foar wa’t it Frysk al ferstean, lêze en/of prate kin en no ek it Frysk skriuwen yn ‘e macht krije wol.
De basisregels wurde yn 10 lessen yn de earste module útlein. Wy meitsje gebrûk fan twa boeken. In lesboek mei oefeningen en in boek mei in oersjoch fan de wichtichste regels fan de stavering (spelling) en de tiidwurden (werkwoorden). It lesjild is € 119,00 foar de groepsles + boeken + online neisjen (as jo dat wolle, it hoecht net)
De tiid/datum fan lesjaan kinne wy mei-inoar fêststelle. De earste oprop sil ik planne en wy kinne 1,5 m faninoar ôfsitte yn ús doarpshûs De Einekoer.
 
Wolle jim jim opjaan by de Afûk, til.nr. 058-2343079 of online: kursus@afuk.nl
 
Ik hoopje jo/jim yn De Einekoer dizze hjerst te sjen by de kursus Frysk skriuwen.
 
Oatske v.d. Zwaag-v.d. Kooi
(lesjouster by de Afûk)
 
 
 
 



Email facebook twitter LinkedIn Hyves