Fan de foarsitter

Nijs fan “de Einekoer” yn koronatiid

De Maaitiidsdoarpskrante  kaam út op it momint dat wy krekt yn de Koronalockdown telâne kaam wiene.  Oer Korona dêrom doe gjin wurd. By it ynleverjen fan de kopij like alles noch te gean lyk as it altyd gie. No binne we in Doarpskrante fierder en sjocht de wrâld der folslein oars út.

Lees meer ...

 

Sûnt 1 juny kin, mei de oardelmeterplicht, it doarpshûs wer iepen foar maksimaal 30 persoanen. Kofjedrinken nei in begraffenis op 3 juny wie wer it earste barren yn “de Einekoer” nei de “Intelligente” lockdown. Likegoed as 30 minsken krigen kofje fan de Begraffenisferiening . De minsken moasten hânwaskje by de doar en koene allinne mar nei it “invalidentoilet”.

Yn de tiid dat it doarpshûs ticht wie, hawwe bestjoer en behearders twa kear in Skipe-oerlis hâlden. De ûnderwerpen dy’t oan ’e oarder kamen wiene: Kin earne skea claimd wurde. Hoe komt it mei de hâldberheid fan ús foarrie.  Soe it doarpsfeest troch gean kinne en wat binne  de gefolgen as it net trochgiet? Mei ûnder oaren ynformaasje fan “Doarpswurk Fryslân” hawwe wy besocht de meast wichtige saken te regeljen.

Op 3 juny hawwe wy mei seis minsken wer in likegoed as gewoane gearkomste hâlden yn it doarpshûs. Wy moasten mei dizze lytse groep sawat de hele efterseal brûke. In bestjoerslid merkte op, dat hy net allinne in lêsbril nedich hie, mar ek in bril om fier mei te sjen.

Yn it juny-oerlis waard dúdlik dat der mei de beheinde iepenstelling foarearst net folle feroarje sil. Sjongkoaren lykas “Excentriek”, blaasensembles lykas ús blokfuiters en Biljartklubs meie yn elts gefal oant 1 septimber ta harren dingen net dwaan. Wat der dan oerbliuwt binne lytse gearkomsten fan maksimaal  30 minsken mei tapassing fan de oardelmeterplicht.  Foarearst  geane wy der dêrby fanút dat de byinoarroppers fan dat soarte fan gearkomsten sels de minsken efter de bar regelje. Foar kofjedrinken nei begraffenissen jilde deselde regels en leit de organisaasje folslein by de Begraffenisferiening.

Tusken 1 july en 1 septimber is “de Einekoer”,  lykas oare jierren,  gewoan ticht.

Fan septimber ôf hoopje wy dat der wer mear mooglik wêze sil. Foardat  it safier is, wolle wy ûnder foarbehâld ein augustus earst in oerlis hâlde mei de leden fan it Algemien Bestjoer  (fertsjintwurdigers fan alle ferienings dy’t romte hiere yn “de Einekoer”).  Oanslutend folget oerlis mei alle frijwilligers.

It slagjen fan de aktiviteiten yn it doarpshûs is foar in grut part ôfhinklik fan hoe wurkber de protokols binne dy’t útfierd wurde moatte en hoe gepast kinne en wolle ús besites en ús  meiwurkers mei de nije regels omgean.

Ta beslut

Winskje ik út namme fan bestjoer, behearders en frijwilligers  de lêzers fan de Doarpskrante in sûne en noflike simmer ta en as it kin oant sjen yn in “Einekoer” sûnder koronaregels.

Rienk van Gorkum

NB.

It belied fan it Regear kin by it útkommen fan de Doarpskrante oars wêze as by it skriuwen fan dit stikje. Wat mei en wat net mei feroaret sawat by de dei.

 



Email facebook twitter LinkedIn Hyves